Dichter fan Fryslân op Explore the North

25/11/2017

In dei nei de offisjele beneaming ta Dichter fan Fryslân stie Eeltsje Hettinga as earste Dichter fan Fryslân op it festival Explore the North yn Ljouwert. Mei in sterk optreden yn de Westertsjerke, dat er ôfsluet mei it Dichter fan Fryslân-gedicht ‘Under de steden’, wie syn earste optreden as Dichter fan Fryslân in feit.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.