Poëzy wurdt fierd mei Dichter fan Fryslân

24/11/2017

Hjoed wie de feestlike beneaming fan Eeltsje Hettinga as earste Dichter fan Fryslân yn de Herman Gortertsjerke te Balk. Deputearre Sietske Poepjes toande har tige wiis mei de earste Dichter fan Fryslân: “Ik bin bliid dat in renomearre dichter as Eeltsje Hettinga him mei sa folle enerzjy en wille ynsette wol foar dit eare-amt. Mei in soad nocht sjoch ik út nei al it moais dat Eeltsje Hettinga ús bringe sil.” De deputearre dekorearre Eeltsje Hettinga mei in spesjaal ûntwurpen spjelde.

Ut namme fan de sjuery priizge Tamara Schoppert de fertsjinsten fan Eeltsje Hettinga yn de Fryske literatuer. De sjuery is entûsjast oer de fernijende plannen dy’t hy as Dichter fan Fryslân útfiere wol.

“Nei bûten ta, alle doarren iepen”, dat is wat Hettinga foar eagen stiet. Hy sil de dialooch oangean mei skriuwers en dichters út oare kultueren en taalgebieten. Poëzy wol hy keppelje  oan oare keunstdissiplines.

Eeltsje Hettinga is tige wiis mei de beneaming: “Moai ferrast en knap optein. Dichter fan Fryslân, de sjuery hat kediisd en beslist, net allinnich oer it gedicht ‘Under de steden’, mar likegoed ek oer de plannen dy’t ik foar de ynfolling fan dat dichterskip yntsjinne haw. Dêr draai en slinger oan te jaan, dat is de útdaging, de keunst. Foarop stiet it plezier, it plezier fan it meitsjen, it plezier fan de tekst, it plezier fan de wurden. Yn it meitsjen bin ik myn wurden. Leve de poëzy, leve de taal, leve it Frysk ek.”

Sneon 25 novimber is it earste optreden fan de Dichter fan Fryslân. Eeltsje Hettinga treedt op ûnder Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert (18:30 oere).

Opinybydrage Dichter fan Fryslân LC

20/10/2018

De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, fêstiget de oandacht op in Frysk-Surinaamske link yn it Surinaamske folksliet. Lês hjir de opinybydrage fan de Dichter fan Fryslân yn de Ljouwerter Krante fan 20 oktober 2018.  

‘Skjin Laai / Tabula rasa, leechte yn wurd en byld’

04/10/2018

De presintaasje fan de katologus ‘Skjin Laai / Tabula rasa’ wurdt ynlieden troch in panel mei Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân, Libbe de Vries, wethâlder kultuer fan de gemeente Opsterlân en Oeds Westerhof, direkteur netwurk en legacy fan LF2018.