Eeltsje Hettinga is de earste Dichter fan Fryslân

15/11/2017

Eeltsje Hettinga is keazen as de alderearste Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Hy wûn de ferkiezing mei it fers ‘Under de steden’. Deputearre Sietske Poepjes beneamt de Dichter fan Fryslân op 24 novimber yn de Herman Gorterkerk te Balk.

As Dichter fan Fryslân is Hettinga de kommende twa jier poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, leafst ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. De Dichter fan Fryslân kriget dêr in fêste fergoeding foar fan € 2.500,- jiers en € 250,- foar elk gedicht. De sjuery bestiet út Obe Alkema, Peter van Lier en Tamara Schoppert .

Eeltsje Hettinga
Eeltsje Hettinga (1955) is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt ‘It Font’ dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.

Opinybydrage Dichter fan Fryslân LC

20/10/2018

De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, fêstiget de oandacht op in Frysk-Surinaamske link yn it Surinaamske folksliet. Lês hjir de opinybydrage fan de Dichter fan Fryslân yn de Ljouwerter Krante fan 20 oktober 2018.  

‘Skjin Laai / Tabula rasa, leechte yn wurd en byld’

04/10/2018

De presintaasje fan de katologus ‘Skjin Laai / Tabula rasa’ wurdt ynlieden troch in panel mei Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân, Libbe de Vries, wethâlder kultuer fan de gemeente Opsterlân en Oeds Westerhof, direkteur netwurk en legacy fan LF2018.