Dichter fan Fryslân

Poet of Fryslân

Eeltsje Hettinga

Net te beteljen

By de útrikking fan de Fryske Anjer
oanbean oan de frijwilligers fan LF2018

 

Mear as inkeldwei it pear hannen dat
mei soarch oaren yn ’e mantel helpt,
binne hja út soarte de smaroalje
dy’t it rêd fan de stêd geande hâlde.

Net te beteljen litte hja as reuzen
sûnder baatsucht, sis, rojaal de lúks,
mûnen draaie, ek al drave harren
bazen bytiden fuort mei de pekunia.

Achter de skermen rinne de wegen
fan harren ryk, mei wurk yn ’e byb,
tsjinsten yn de wyk en sa altemets
in ear oan ’e doar fan wa’t iensum is.

Paadwizend yn teäter en tehûs seit
it famke mei de reade strik dat út eigen
beweech immen nei de earste rige rydt:
‘Yn dat watsto joust, bisto dat watsto hast.’

 

Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier en wit it grutte publyk te finen en te binen mei syn of har poëzij. By grutte foarkar yn it Frysk of yn in Fryske streektaal.

De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje. Leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij.

Fan de Dichter fan Fryslân wurdt ferwachte dat hy of sy in oantal kearen yn it jier optreedt by neier oan te wizen gelegenheden.

Eeltsje Hettinga

Eeltsje Hettinga is keazen as de alderearste Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Deputearre Sietske Poepjes beneamt de Dichter fan Fryslân op 24 novimber 2017 yn de Herman Gorterkerk te Balk.

 As Dichter fan Fryslân is Hettinga de kommende twa jier poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt yn it jier seis oant tsien gedichten, leafst ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. De Dichter fan Fryslân kriget dêr in fêste fergoeding foar fan € 2.500,- jiers en € 250,- foar elk gedicht.